Sander Arends wint earste ronde dûbelspul yn Sweden

Sander Arends yn aksje op Wimbledon © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Tennisser Sander Arends út Ljouwert hat tiisdeitemoarn de earste ronde fan it ATP-toernoai yn Bastad oerlibbe. Tegearre mei syn dûbelmaat Matwé Middelkoop wûn hy fan Motti út Italië en Ramos-Vinolas út Spanje. Op it Sweedske gravel waard it nei dik in oere 6-4 en 7-6 foar it Nederlânske duo. Harren tsjinstanners yn de twadde ronde binne noch net bekend.