Haadprogramma Kulturele Haadstêd flink útwreide

18 jul 2017 - 13:25

It haadprogramma fan Kulturele Haadstêd is mei hast tweintich projekten útwreide. It binne projekten dy't út de mienskip komme en dy't in grut en faak ynternasjonaal publyk lûke. Sa komt der in foarstelling dy't de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga earet, dy't fjouwer jier lyn ferstoar.

Ljouwert-Fryslân 2018 krijt in haadprogramma en in iepen mienskipsprogramma. Yn dat haadprogramma binne sa'n 60 projekten opnaam. Foar it iepen mienskipsprogramma ha har sa'n 800 inisjativen oanmeld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)