Kontrôle op brânfeiligens yn Smellingerlân

18 jul 2017 - 13:08

Smellingerlân start nei de simmer mei de kontrôle op de brânfeiligens yn âldere gebouwen mei houten flierren yn it sintrum fan Drachten. It ôfrûne jier hat de gemeente in stekproef dien en is der konstatearre dat mear as de helte fan de gebouwen net foldocht oan de foarskriften foar de brânfeiligens.

By de kontrôle wurdt foaral sjoen oft der ynterne brânskiedingen binne tusken de wenningen en de bedriuwen yn it sintrum fan Drachten. Ek wurdt der sjoen oft der flechtrûtes binne. Benammen gebouwen dy't noch noait ferboud binne, foldogge net oan de brânfeiligens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)