Gemeente Ljouwert giet yn berop foar wynmûne Reduzum

De wynmûne fan Reduzum sa't dy der no stiet © Omrop Fryslân, Karen Bies
De gemeente Ljouwert giet yn berop by de Ried fan Steat tsjin it beslút fan Deputearre Steaten om gjin tastimming te jaan foar in nije wynmûne yn Reduzum. De besteande wynmûne is oan ferfanging ta, mar de provinsje giet net akkoart mei in nijenien. Dy wol net mear ynvestearje yn op himsels steande mûnen, lykas dy yn Reduzum, mar sjocht leaver ien grut wynmûnepark.
De gemeente Ljouwert fynt it beslút fan de provinsje net soarchfâldich. Neffens de gemeente hat de provinsje yn 2015 it wynmûnebeleid oanpast sûnder dat te motivearjen en te kommunisearjen. Unakseptabel, fynt Ljouwert. De gemeente wiist der ek op dat der per gefal besjoen wurde moat as der ûntheffing jûn wurde kin foar in wynmûne. Dêr seit de provinsje lykwols neat oer neffens Ljouwert. Dy meldt allinnich dat it fersyk fan Reduzum yn striid is mei it belied. Ljouwert fynt dat de provinsje mei in bettere motivaasje komme moat.