Ronald McDonaldhûs krijt donaasje fan De Friesland

Chris Kalsbeek fan it Ronald McDonaldhûs Fryslân krijt de sjek fan Steven Hofenk fan De Friesland Zorgverzekeraar
De Fryske Ronald McDonaldhuzen kinne 400 oernachtingen realisearje yn it Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert en yn De Hoeve yn Beetstersweach. It jild dat nedich is om dy ekstra oernachtingen oanbiede te kinnen, komt fan De Friesland Zorgverzekeraar. Dy hat dêrfoar tiisdei in sjek oerlange mei in wearde fan goed 26.000 euro.
Yn in Ronald McDonaldhûs kinne gesinnen tichteby de bern bliuwe en sliepe, as dy opnommen binne yn in sikehûs of revalidaasjesintrum. De Friesland hat it jild byinoar brocht mei ferskate aktiviteiten. Ien dêrfan wie de HomeRide, in sponsor-fytstocht wêrby't dielnimmers 500 kilometer fytse yn 24 oeren tiid om jild yn te sammeljen foar Ronald McDonaldhuzen.