St. Juste ferruilet SC Hearrenfean foar Feyenoord

Jeremiah (Jerry) St. Juste © AWfoto.nl
Feyenoord nimt Jeremiah St. Juste oer fan SC Hearrenfean. De fuotballer is dizze tiisdei keurd en hat in kontrakt tekene foar fjouwer jier. De bedoeling is dat St. Juste fuortendaliks mei de Rotterdammers meigiet op trainingskamp nei Eastenryk. Dêr oefenet Feyenoord sneon tsjin SC Freiburg.
De 20-jierrige St. Juste hat de jeugdoplieding fan SC Hearrenfean dien en debutearre op 24 jannewaris 2015 by de klup. Hy spile 75 offisjele wedstriden en skoarde trije kear foar de Feansters.
St. Juste moat by syn nije klup Feyenoord achteryn stride foar in plakje mei Eric Botteghin en Jan-Arie van der Heijden.