Mear gearwurking stichtingen Gearhing en De Greiden

18 jul 2017 - 10:36
Foto: Omrop Fryslân

De stichtingen Gearhing en CBO De Greiden wolle yntinsiver gearwurkje, ûnder oare om safolle mooglik basisskoallen te behâlden. Yn septimber begjint in ûndersyk hoe't dit it bêste dien wurde kin en wat it opsmite kin. Beide organisaasjes hawwe skoallen yn deselde regio.

Yn Winsum binne de basisskoallen fan Gearhing en De Greiden fusearre, fan 1 augustus ôf bart dat ek yn Arum. Der wurdt al langer gearwurke by it ynsetten fan ynfalkrêften. No wurdt ûndersocht wat de mooglikheden binne foar bestjoerlike gearwurking.

(Advertinsje)
(Advertinsje)