Tal ynwenners Fryslân tanaam yn 2016

It oantal ynwenners fan Fryslân is sûnt 1 jannewaris fan dit jier mei 0,1 persint wat tanaam yn fergeliking mei in jier lyn. De groei liket foaral te kommen troch de komst fan asylmigranten nei de provinsje. Dat meldt it Fries Sociaal Planbureau op basis fan gegevens fan it CBS. Earder naam it ynwennertal just hieltyd wat ôf.
De gemeenten Ljouwert, De Fryske Marren en Smellingerlân hiene de grutste groei. Yn de ôfrûne moannen is benammen it tal asylsikers en statushâlders tanaam. Nei ferwachting is de befolkingsgroei tydlik. Sûnt 2015 stjerre der yn Fryslân mear minsken as dat der berne wurde. Dat sil de kommende jierren allinnich mar tanimme trochdat der hieltyd mear âlderen binne.