Stellerij en fernielingen op begraafplak Harns

18 jul 2017 - 09:31

Op it algemiene begraafplak oan de Begraafplaatslaan yn Harns binne it ôfrûne wykein meardere saken fernield. Koperen stekjes en oar koperwurk binne mei grof geweld ferwidere en meinaam. Dêrtroch is der skea ûntstien oan grêven en grêfstiennen.

De dieders hawwe it stek fan it begraafplak fernield, wêrnei't se mei in auto it terrein opriden binne. De gemeente Harns hat oanjefte dien fan de fernielerij en stellerij. Der is in ynventarisaasje makke fan de skea oan de grêven. De kommende tiid wurde neibesteanden ynformeard oer de fernielingen en de stellerij.

Wethâlder Le Roy fan Harns neamt de fernielerij respektleas. “Onze monumentale begraafplaats is van onschatbare waarde voor onze gemeente, haar inwoners en vele anderen. We zijn altijd zeer zuinig op de begraafplaats en voeren de werkzaamheden zeer zorgvuldig uit. We zijn dan ook erg geraakt dat er het afgelopen weekend zo respectloos is huisgehouden op onze begraafplaats”

De plysje ropt tsjûgen op om har te melden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)