Kollum: "Horror yn de sliepkeamer"

18 jul 2017 - 08:16

"Nei in drokke en ôfmêdzjende dei dûkte ik jûns let op bêd. Lêslampke oan, boek derby en even noflik ûntspanne. In heal oere letter joech ik my del. Dat wie it doel, teminsten. Lykwols duorre it noch gjin twa tellen, of ik miende in yrritant gûnzjen te hearren. Men stekt de earen op, betinkt tweintich dingen dy’t dat feroarsaakje kin en draait op de oare side. Dat hjit de ûntkenningsfaze. Want dan al is it dúdlik dat der in neefke op de keamer sit. De Culex Pipiens. In moaie en suver ûnskuldige namme foar it meast freeslike ynsekt dat der bestiet.

Ommers: je lizze yn ien romte mei in fampier. Mei in neefke op de keamer stiet de minske ûnderoan de ‘voedselketen’. Neefkes gean op jin sitten en drinke, as de earste de bêste Dracula, fan jins bloed. Boppedat meitsje se ek noch in lûd om gek fan te wurden. Se binne mar in pear milimeter grut, mar as se boppe it ear hingje te gûnzjen is dat lûder en yrritanter as in fuotbalstadion fol vuvuzela’s.

Wat folget is in fjildslach. Men docht mei in liif fol adrenaline it grutte ljocht oan. Yn njoggen fan de tsien gefallen is der neat te sjen. Behalve fampiers binne it ek nochris masters fan de ferdwynkeunst. Nei dy earste speurtocht –dy’t altyd om ’e nocht is- giet men wer lizzen. Meastentiids mei it lekken of it dekbêd oer it ear. Oant dat te hjit wurdt. Foarsichtich lûkt men it nei ûnderen. Dat is it sein foar de neef om fuortendrekt as in strieljager de earskulp wer yn te fleanen.

Itselde ritueel werhellet him. No mei in bloeddruk fan 250 oer 150 en in moardsuchtigens dêr’t drugsdealers yn Mexico kjel fan wurde soene. Foaral as men de neef yn it each krijt giet it los, as in achterfolgingssêne út in aksjefilm. Men springt op it bêd om derby te kinnen, op in stoel, slacht mei in sok –as der gjin miggeklapper is- of mei de platte hân. Alles om dat Duvelsbret út te roeien.

Nei krekt sa’n nacht rûn ik de oare deis ris troch in boumerk. Dêr waard reklame makke (en ik liich net) foar keukentrepkes mei de folgjende tekst: ‘Actie. Trappen, efficiënt om muggen en andere insecten te vernietigen’. It like my ûnortodoks. Toch mar in trepke kocht en it besocht. Gefolch: grutte gatten yn it plafond en minsken mei in hertoanfal yn de sliepkeamers neist dy fan my. Doe’t ik it keukentrepke werom brocht en sei dat it neat jûn hie, joegen se de tip om it mei horren te besykjen. Goed betocht. Lykwols komme neefkes ek troch de brievebus en it sleutelgat, troch doarren dy’t iepen stean.

Dus bin ik op ’t heden wer hiele nachten yn ’t spier. Slach ik mysels op ’e kop as ik tink dat se my as lâningsbaan brûke. Lis ik mei de hannen ûnder it lekken te wachtsjen oant sa’n ferrekkeling tichtby is, om it lekken dêrnei as in grut fangnet te brûken en se dea te knipen. Faak sûnder risseltaat. Ik tink dat it stadichoan tiid wurdt foar in âlderwetske, ultragemyske spuitbus…"

(Advertinsje)
(Advertinsje)