Yn Slachteshirt yn Nijmegen rinne

Fjirtjin dielnimmers oan de Nijmeegse Vierdaagse ferskine hjoed oan de start mei in wol hiel bysûnder shirt oan. Se hawwe nammentlik in shirt krigen fan de organisaasje fan de Slachtemaraton. De organisaasje hie in oprop dien fia Facebook en de mailbox streamde fol. Tiisdeitemoarn gie de Vierdaagse yn Nijmegen los en binne dus ek dy shirts ûnderweis.
De organisaasje fan de Slachtemaraton winsket de dielnimmers sukses.