Bauke Mollema nei de Profronde fan Surhústerfean

18 jul 2017 - 06:07
Bauke Mollema - Foto: awfoto.nl

Hurdfytser Bauke Mollema komt nei de 36ste Profronde fan Surhústerfean. Mollema waard ôfrûne snein winner fan de 15e etappe yn de Tour de France. De organisaasje fan de Profronde fan Surhústerfean is tige ynnommen mei de komst fan Mollema. Yn 2013 wist er de Profronde te winnen. Ek Giro-winner Tom Dumoulin docht tiisdei 25 july mei yn Surhústerfean en ek Pieter Weening ûntbrekt net.

(Advertinsje)
(Advertinsje)