Straf foar frou foar riden ûnder ynfloed fan heroïne

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In frou út Dokkum is moandei feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren foar it riden ûnder ynfloed fan heroïne. Se hie de heroïne kocht op De Weaze yn Ljouwert en yn de auto brûkt. Neffens de frou hat se net mear as in meter riden, mar foar de plysjerjochter wie dat dochs slim genôch om har in wurkstraf op te lizzen. Ek is se har rydbewiis kwyt.