D66 wol dat boarger eigen soarch bepaalt

© Omrop Fryslân
D66 wol dat minsken dy't fia de gemeente soarch krije dêr sels mear oer te sizzen krijen. Dat kin troch bygelyks it meitsjen fan in plan fan oanpak en it mei yn de gaten hâlden fan it eigen dossier. De partij komt dêrom tongersdei by de behanneling fan de Kadernota mei in moasje om in proef op te starten yn de gemeente Súdwest-Fryslân wêrby't 50 minsken sizzenskip krije oer har eigen dossier.
Neffens D66 soarget dat foar mear belutsenheid by de kliïnten en kin ek foarkaam wurde dat flaters makke wurde en dat dingen dûbeld dien wurde. De gemeente en de soarchoanbieder krije in mear advisearjende rol, wêrnei't mei-inoar in beslút nommen wurdt oer it soarchpakket dat de kliïnt krijt.