Dea fan Tjeerd van Seggeren is noch altyd mystearje

De dea fan Tjeerd van Seggeren is noch altyd ien grut mystearje. De plysje lit moandei witte dat se de gouden tip dy't liede moat ta de oplossing noch net krigen ha. De ynwenner fan Kollumersweach waard ferline wike fûn yn 'e greide by De Westereen neidat er by in pleatslik festival west hie.
In pear dagen lyn melde de plysje dat de 37-jierrige Van Seggeren mooglik oanriden is. Yn de syktocht nei tsjûgen is in oprop dien op Facebook. Dy is goed 100.000 kear besjoen en berikte 35.000 minsken yn it gebiet om De Westereen hinne. Dat joech in soad reaksjes mar de gouden tip sit der dus noch net by.