Skoalbern Rotsterhaule leare mei in virtual reality bril

18 jul 2017 - 17:10

Yn virtual reality boartsje, en tagelyk leare, oer de planeten yn ús stjerrestelsel. Iepenbiere basisskoalle De Schakel út Rotsterhaule en it Planetarium yn Frjentsjer ha in nij lesprogramma ûntwikkele. It giet om in saneamd virtual reality programma.

De bern kinne mei help fan dit programma mei de planeten boartsje. Doel is dat de lesstof sa better hingjen bliuwt. De bern ha sels ek meiwurke oan it opstellen fan it programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)