Smile; emoji mar Frysk!

Hasto hjoed al in appke mei in smiley ferstjoerd? Wol efkes dwaan, want it is hjoed wrâld emojidei! Yn 1990 brûkten se yn Japan de popkes al op harren mobyltsje, mar doe't de iPhone útkaam waard de emoji pas echt populêr. Der is sels in offisjele ried dy't beslút watfoar emoji's der allegear útkomme.
Fan it gesellige brune droltsje oant de klinkende bierpullen. Do hast se fêst wolris brûkt. Oeral is wol in emoji foar. Mar dochs ûntbrekt der noch wat. Jawis; Fryske emoji's! Dizzen moatst ha!
Bisto krekt like fereale op Fryslân as wy? Mei dizze emoji litst dyn gefoelens noch better sprekke!
Hy mei fansels net misse: ús Fryske flagge op dyn mobile telefoan.
In Fryske dikke tút. Dit is pas echte leafde!
Gjin brune Bleske mei in swarte Sytske. It Fryske hynder past perfekt yn dyn mobile stâl.
Fryslân, do libbest yn myn hert!