Jonges hingje yn slachboom by Skillaard: ProRail ferbjustere

Spoarbehearder ProRail docht moandei oanjefte tsjin twa jonges dy't by in spoarweioergong yn Skillaard twa slachbomen fernield hawwe. Op in filmke dat op sosjale media ferspraat wurdt, is te sjen dat se yn de slachbomen klimme.
ProRail hat noch gjin idee wa't de jonge mannen binne, mar it bedriuw meldt op Twitter "met stomheid geslagen te zijn". It is ek noch net bekend wa't de fernielingen filme hat.
"Je gelooft je ogen niet," seit Aldert Baas fan ProRail. "Het is volstrekt ontoelaatbaar gedrag. De mensen brengen niet alleen zichzelf in onveiligheid, maar ook het treinverkeer in gevaar. Dit gaan we aanpakken." De plysje siket út wa't de jonges binne. It bedriuw hat it filmke fia de webside Dumpert sjoen en út de reaksjes koenen se gewaar wurde wêr't it wêze moatte soe en ha se opsocht om watfoar spoarweioergong it gie.
Schadelijk
"De mechaniek van zo'n slagboom werkt zo dat hij wil terugveren als hij naar beneden wordt getrokken, dus deze actie is schadelijk voor de installatie. Deze ontregelende actie kan echt niet. Zo'n installatie is voor de veiligheid en daar moet je niet aankomen."