Byld fan fûgel werom op fontein Europaplein
Woansdei komt de brûnzen fûgel werom op de fontein yn it midden fan it Europaplein yn Ljouwert. Wethâlder Friso Douwstra sil it byld fan in heechwurker ôf op de sokkel sette. Dêrmei is de fontein wer kompleet. De fontein is in gemeentlik monumint en moast dêrom by de werynrjochting op it Europaplein behâlden bliuwe.
De ûnderbou fan de fontein is 80 sintimeter heger werompleatst. Oars wie it monumint nei de werynrjochting fan it Europaplein net mear goed te sjen. De fontein wurdt ein dit jier wer oansetten as alle wurksumheden oan it Europaplein klear binne. De brûnzen fûgel op de fontein is makke troch de Ljouwerter byldzjend keunstner Chris Fokma.