Tsjerke Finkegea wer iepen mei stipe fan IMF

De tsjerke fan Finkegea hâldt iepen hûs © Lourens Looijenga
De tsjerke fan Finkegea wurdt takom jier wer yn gebrûk naam. De tsjerke stie jierrenlang leech, mar kin nei in ferbouwing wer iepen. Foar de oanpassingen krige de Stichting Behâld Tsjerke Finkegea 35.000 euro út it Iepen Mienskipsfûns.
De tsjerke fan Finkegea is ien fan de 21 projekten yn Súdeast-Fryslân dat jild út it fûns krijt. Oare projekten dy't jild krije, binne ûnder oaren it doarpspark yn Haulerwyk, in sportfjild yn Ravenswâld, in digitale kuierrûte troch de Keale Dunen by Appelskea en in projekt om de leefberens en de feilichheid yn Easterwâlde te ferbetterjen.