Skûtsjes moatte automatyske identifikaasje ynstallearje

Skûtsjes dy't langer binne as 20 meter wurde net frijsteld fan de ferplichting om har te sertifisearjen en in Automatysk Identifikaasje Systeem te ynstallearjen. Dat skriuwt minister Schultz van Haegen yn in brief oan it IFKS-bestjoer. It bestjoer hie de minister frege om in ûntheffing, mar dy jout se dus net. De minister seit dat se dit op grûn fan de Binnenfeartwet net dwaan kin.
Neffens nije regels meie skippen langer as 20 meter net op binnenwetter farre as se net de goeie papieren ha en oer in AIS beskikke, in soarte fan track and trace systeem. Yn guon gefallen binne de skûtsjes mar in pear sentimeter langer as 20 meter. De minister jout noch wol oan dat de skûtsjes dat systeem net nedich ha, as se harren nei de wedstryd slepe litte en de wedstryd plakfynt yn in part fan de farwei dy't ôfsletten is foar it oare skipfeartferkear.