Kollum: "It 40-jierren-plan"

17 jul 2017 - 08:30

"‘Pensioen komt te laat voor zware beroepen’ kopte De Volkskrant ôfrûne wike. Sûnt de pensjoenleeftiid stadichoan omheech giet, sjocht it UWV it oantal âldere wurknimmers mei in swier berop dat arbeidsûngeskikt rekket, hieltyd fierder groeien. Foarich jier kamen der 40.000 minsken by yn de arbeidsongeschiktheidsverzekering. Dat is in groei fan mar leafst 12 prosint, de heechste stiging sûnt it krisisjier 2010.

Benammen yn de metaalyndustry helje in soad wurknimmers harren pensjoenleeftiid net. Mar ek yn de bousektor en de soarch falle minsken massaal út. Mei oare wurden: it giet om minsken dy’t swier wurk dogge; dy’t alle dagen bealgje moatte. En - folle belangriker noch - om minsken dy’t faaks al op jonge leeftiid begûn binne mei wurkjen. Dy’t al oan de slach gongen doe’t se in jier as 17 wiene. En dy’t no dus oant harren 67 troch moatte. Dat is fyftich jier wurkje.

In strjitlizzer dy’t mei syn 67e noch op de knibbeltsjes yn it sân leit. In metaalflechter dy’t mei syn 67e noch yn de bouput stiet te bealgjen. Of in kreamfersoarchster dy’t mei 67 sels al fiif kear beppe is, mar noch altyd oan it wurk moat. Kinst it dy eins net foarstelle. Dit binne manlju en froulju dy’t jierren en jierren hurd wurke ha, en dy’t we no ferplichtsje om troch te setten oant se der by delfalle. Want dêr komt it eins op del. Dat kin dochs eins net?

‘Kan makkelijk, kan makkelijk’, roppe se dêr yn Den Haag, dêr’t folop 65-plussers wurkje. Mar dat is maklik praten foar ien dy’t alle dagen mei de kont op it plús sit. Dy’t in eigen sjauffeur hat en in personal assistent. Dy’t op syn 29e ôfstudearre is oan trije universitêre stúdzjes en pas in earste baan op syn 30e krige. Dy’t dus mei 67 jier en trije moannen noch net iens fjirtich jier wurke hat.

Sjoch, en dêr leit neffens my de oplossing. As wy no allegearre ris fjirtich jier wurkje soenen. Makket gjin fluit út hoe âld ast bist ast begjinst, wat foar wurk ast dochst of hoe swier it is. Makkest gewoan dyn fjirtich jier fol. Sa ken ik in famke mei wa’t ik jierrenlang kuorballe ha. Dy wie noch mar krekt achttjin doe’t se har diploma as kreamfersoarchster helle. Se slagge yn no time foar har rydbewiis en gong fuort oan de slach.

Iksels, ik wie 18 doe’t ik pas oan myn oplieding begong. Gjin idee wat ik wurde woe, dus probearre ik fan alles út. Yn dy fiif jier dat sy as kreamfersoarchster hurd oan it wurk wie, preau ik fan it studintelibben. Wylst sy midden yn ‘e nachts út bêd belle waard troch har wurk, dûkte ik der krekt yn. Wat my betreft mei sy aanst mei 58 jier dan ek fertsjinne genietsje fan har pensjoen as se dat wol. En ik gean troch oant myn 63e. Wat letter begûn, dus wat langer troch. Dat is wol sa earlik.

As ik premier wêze soe, waard dit de nije regel. It fjirtich jierren-plan; like helder as de namme foarkommen docht. Mark Rutte mei dit proefballontsje bêst wol meinimme oan de ûnderhannelingstafel. Wa wit komt der dan noch wat skot yn de formaasjepetearen.

Mark moat oant syn 65e trochwurkje, ha’k al efkes útrekkene. Hy is no fyftich jier, dus hy hat noch fyftjin jier te gean. Sjoen it tempo fan de formaasje moat it krékt slagje om yn dy tiid in nij kabinet yn elkoar te izerflechtsjen. Mar miskien moat der yn stee fan in formateur mar in kreamfersoarchster oan tafel sitte; sa’n swiere befalling freget om in trochpakker."

(Advertinsje)
(Advertinsje)