Twa automobilisten te hurd by Ljouwert: rydbewizen ôfpakt

De plysje hat sneintejûn by snelheidskontrôles de rydbewizen ynnaam fan twa automobilisten út Ljouwert. In 24-jierrige bestjoerder ried mei 171 kilometer yn 'e oere oer de Heak om Ljouwert, wylst 100 dêr it maksimum is. Op de Harnzerstrjitwei bûten de stêd rûn in 36-jierrige automobilist tsjin 'e lampe. Hy ried 136 kilometer yn 'e oere, dêr't 80 tastien is.