Fryske sinneboatteams stowe konkurrinsje foarby yn Monako

16 jul 2017 - 21:51
De sinneboat fan Clafis Victron Energy Solar Boat Team stoot oer it wetter - Foto: Screenshot YouTube

Twa Fryske sinneboatraceteams hawwe goede prestaasjes levere op wedstriden yn Monako. De Monaco Solar & Electric Boat Challenge wiene freed en sneon.

It Clafis Victron Energy Solar Boat Team wûn yn de iepen klasse en it NHL Solarboat Team yn de saneamde 'Challenge A class'.

It Victron Energy Solar Boat Team wist yn de iepen klasse alle ûnderdielen winnend ôf te sluten. It NHL-sinneboatteam wûn de hurdsilerij en ek de slalom. Dêrmei wiene beide teams ûnberikber foar de konkurrinsje.

Trefwurden: 
sinneboatrace
(Advertinsje)
(Advertinsje)