De kop is derôf: Oranjefroulju winne earste wedstriid EK

It Nederlânsk frouljusalvetal hat snein de iepeningswedstriid yn it EK mei 1-0 fan Noarwegen wûn. Sherida Spitse wie de iennige Friezinne yn de basisopstelling, Loes Geurts en Sisca Folkertsma net. Foppe de Haan is assistint-bûnscoach fan it team.
Beide ploegen giene mei 0-0 de rêst yn. Pas yn de 66e minút iepene Shanice van de Sanden de skoare: 1-0 foar Nederlân. En dêr bleau it ek by.
Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima sieten yn it stadion Galgenwaard yn Utrecht op de tribune. Nei de wedstriid giene se nei de klaaikeamer om de fuotbalsters te lokwinskjen.
Yn de 32e minút fan de wedstriid waard applaudisearre foar de âld-ynternasjonal Sylvia Nooij. Sy ferstoar begjin dizze moanne yn de âldens fan 32 jier. Ek waard de Ajacied Nouri betocht dy't slim, bliuwend harsenletsel oprûn hat