Jonge ferwûne nei fal fan trampoline

16 jul 2017 - 20:00
Foto: De Vries Media

In jonge is snein yn Oerterp ferwûne rekke neidat hy fan in trampoline foel. It ûngemak barde by in wenning oan de Boerestreek. Der waard in traumahelikopter oproppen en der kaam in sike-auto.

De jonge is mei de sike-auto nei it sikehûs riden. Hy wie by bewustwêzen. De traumahelikopter kearde werom nei fleanfjild Eelde.

Hoe't de jonge fan de trampoline falle koe is net bekend. Ek oer de aard fan de ferwûningen is neat bekend.

Trefwurden: 
Oerterp trampoline
(Advertinsje)
(Advertinsje)