Motorrider fljocht út de bocht en rekket ferwûne

Ambulânse en traumahelikopter op it plak fan it ûngelok © 112nof.nl
In motorrider is sneintemiddei ferwûne rekke by Kollumersweach. De rider wie ûnderweis mei in groep oare motorriders. Op de Sânbultsterwei koe er de bocht net hâlde en foel om.
De ferwûne is earst ûndersocht troch personiel fan de ambulânse. Der kaam ek in traumahelikopter. De traumadokter fan de hely hat de ferwûne ek ûndersocht, wêrnei't besluten waard om him nei it Universitêr Medysk Sintrum Grins te bringen.