Motor bestelbus fljocht yn de brân: auto útbaarnd

16 jul 2017 - 18:17

Yn Drachten is sneintemiddei in bestelbuske útbaarnd. De auto stie parkearre oan de Hooglandswyk doe't ein fan de middei de motor yn de brân fleach. In omwenner seach dat en besocht earst sels it fjoer út te meitsjen, salang't de brânwacht der noch net wie. It is ûnbekend oft de blusser ek de eigener fan de bestelbus is.

Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Trefwurden: 
brân autobrân bestelbus
(Advertinsje)
(Advertinsje)