Fryske mountainbikester Anne Tauber wint nasjonale titel

16 jul 2017 - 17:59
Anne Tauber yn Landgraaf

Anne Tauber (22) út Oranjewâld hat yn it Limboarchske Landgraaf it NK mountainbiken foar froulju wûn. Anne Terpstra waard twadde en Annemarie Worst tredde.

Fuortendaliks yn de earste beklimming fan de berch fan Snowworld gie Tauber oan kop. Se stie dy kopposysje ek net mear ôf. "It waard op it lêst wol efkes spannend, doe't myn âlden rôpen dat de foarsprong minder grut waard, mar úteinlik wûn ik frij maklik."

Anne Tauber komt út foar it team Habitat for Humanity út Drachten. Teammanager Maarten Kemperman is grutsk op har prestaasje: "It is skitterjend dat wy dit berikke mei in famke út Fryslân." Kemperman hie der wol betrouwen yn dat it goed komme soe. Earder die Tauber it ek al goed yn de wrâldbeker.

De folgjende wedstriid dy't har te wachtsjen stiet, is it EK yn Italië. Dat wurdt ferriden op 30 july. Dêr is Tauber kânshawster by de beloften.

Trefwurden: 
Anne Tauber mountainbiken
(Advertinsje)
(Advertinsje)