Enno Kingma kening op Cambuursokken by Rengerspartij

16 jul 2017 - 16:55

It partuer Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar hat snein op it keatsfjild fan Sonnenborgh yn Ljouwert de frije formaasje Rengerspartij wûn. Twadde waarden Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra. De finale einige yn 5-2 en 6-4, mar dat wie in fertekene byld, want yn punten sieten beide partueren flak byinoar. De tredde priis wie foar it partuer Jelle Attema, Jacob Klaas Haitsma en Hillebrand Visser.

Enno Kingma waard útroppen ta kening fan de partij. Dat koe ek hast net oars, sei de foarsitter fan LKC Sonnenborgh, foar ien dy't op Cambuursokken yn de Ljouwerter keatsarena it fjild op komt.

Trefwurden: 
keatsen Enno Kingma
(Advertinsje)
(Advertinsje)