Ferkeap Fries Museum dreech

26 okt 2011 - 22:55

De ferkeap fan de gebouwen fan it Fries Museum yn Ljouwert giet dreech. Der binne wol belangstellenden, mar it is noch net dúdlik welke bestimming de gebouwen krije nei't it museum ferhuze is. De gebouwen sille fanwege de krisis wierskynlik ek minder jild opbringe as earder tocht. Mei de opbringst soe in nij depot foar it museum betelle wurde. De provinsje moat neffens de eigner fan de gebouwen, Stiching De Kânselarij, finansjeel byspringe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)