FIDEO: Lêste foarstelling teäterspektakel Bauck!

It teäterspektakel Bauck! hat mei-inoar 4500 taskôgers lutsen nei it Hemmemapark yn Berltsum. Alle njoggen foarstellingen, wêrûnder twa ekstra opfieringen, wiene yn koarte tiid folslein útferkocht. Sneontejûn wie de lêste kear dat it publyk it ferhaal oer de earste Fryske frijheidsstriidster ea sjen koe en dy foarstelling is ek fêstlein op byld.
De organisaasje fan it teäterstik is dêr tige wiis mei. "It stik fertsjinnet it om it fêst te lizzen. Elk moat yn 'e kunde komme kinne mei dit heldhaftich ferhaal", fynt Sijtze Sijens, foarsitter fan de stichting Grut Hermana.