Akkerman (OpMaat) : "Al dy help, ik bin der stil fan"

16 jul 2017 - 15:28

Tusken de útbaarnde resten fan it klupgebou fan OpMaat stiet Jaap Akkerman op syn telefoan te sjen. It mobyltsje fan de foarsitter fan muzykferiening OpMaat fan Berltsum hat sûnt sneontejûn net mear stilstean.

Akkerman sjocht der ferslein en wurch út. Sneontemiddei krige er in earste telefoantsje: "Kinst de kaai fan it gebou delbringe? Der is dêr brân en de brânwacht hat him nedich." As in hazze wie er teplak. Akkerman seach de brânwachtminsken al stean mei gasmaskers op. Se hawwe it gebou noch yn west. Guon ynstruminten hawwe se rêde kinnen.

Mar it waard te gefaarlik. It fjoer dat oan de sydkant fan it gebou ûntstien is, siet al yn it dak. "De kommandant sei al dat hy net wist wannear't it ynstoarte soe. Dat koe no, mar ek oer in healoere." It wie Akkerman fuortendaliks al dúdlik: dit gebou is net mear te rêden. As foarsitter nimt er syn ferantwurdlikens en stiet alle parse te wurd.

As er thúskomt, sjocht er op syn telefoan. Fan alle kanten wurde nije ynstruminten en muzykstikken oanbean. Ek oare leden krije út alle hoeken fan de provinsje help oanbean. It docht de leden goed. It hellet allinnich de skiednis fan de feriening net werom. De âlde findels fan de twa muzykferienings, wêrfan't guon mear as hûndert jier âld binne, bin ûnferfangber. De stikken fan hûndert jier âld dy't opslein leine yn de kasten, toarkje no om of lizze yn in plasse wetter. Dat is net te ferfangen, witte de leden. Se begjinne oan in nije start.

Dan klinkt tusken it pún it lûd fan in trompet. Germ Dikland seach him lizzen: "We hawwe in relikwy nedich foar yn it nije gebou." Dikland sjocht om him hinne en wiist nei rjochts: "Ik bin slachwurker. Dêr stie myn konserttrom. Der is neat fan oer. Der stiene pauken, in grutte gong.."It is mar materiaal, mar it docht jo dochs wat. It ferlies fan stokken ek. It klinkt miskien stom mar jo hawwe dêr in bân mei. Dy stokken fiele goed, mar se binne no fuort. Dat is ivich skande."

Ynkoarten is der doarpsfeest yn Berltsum. De drumband spilet dan ek altyd. "It komt grif goed", seit Jan Akkerman, "mar oars as oars wurdt it al."

(Advertinsje)
(Advertinsje)