Frou krijt reek binnen by keukenbrân yn Snitser wenning

16 jul 2017 - 14:31
De flat yn Snits dêr't de brân wie - Foto: BTBFotografie

By in keukenbrân yn in wenning oan de Pottersylstrjitte yn Snits hat de bewenster sneintemiddei reek binnen krigen. De frou is behannele troch ambulânsepersoniel. De brânwacht hie de keukenbrân gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat de wenning dêrboppe reekskea oprûn. Der is opfang foar de dupearren ynskeakele.

Trefwurden: 
brân keuken Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)