Rydbewiis ynnaam en boeten útdield by alkoholkôntroles

16 jul 2017 - 13:57
Alkoholkontrôle - Foto: ANP XTRA

By alkoholkontrôles yn de omjouwing fan Surhústerfean en Gytsjerk hat de plysje sneontejûn en -nacht trije kear in proses-ferbaal útdield. Op de N361 by Gytsjerk waard it rydbewiis fan in 20-jierrige begjinnend bestjoerder ynnaam omdat er fierstente folle drank op hie.

In 30-jierrige automobilist út Surhústerfean waard yn syn wenplak betrape op it riden mei drank op en op De Harkema rûn in 43-jierrige bromfytser út dat plak tsjin de lampe. Neist de boeten moatte de trije manlju ek in spesjale kursus oer alkohol yn it ferkear folgje.

Yn totaal hat de plysje 470 blaastesten ôfnaam.

(advertinsje)
(advertinsje)