Ynbrekkersduo oanhâlden mei help fan buertbewenner

16 jul 2017 - 10:45

Twa ynbrekkers yn in skoalle oan de Kingmastate yn Ljouwert binne sneintemoarn betiid oanhâlden mei help fan in buertbewenner. Dy hearde om seis oere hinne stimmen út de skoalle en lûd fan brekkend guod en belle 112. Yntusken hâlde hy de situaasje yn 'e gaten.

Doe't de ynbrekkers útnaaiden wist de buertbewenner ien te pakken te krijen en fêst te hâlden oant de plysje der wie. In oare tsjûge holp him derby. De plysje koe dêrnei de twadde fertochte oanhâlde dy't noch yn de buert wie. It giet om in 46-jierrige man en in 17-jierrige jonge, beiden út Ljouwert. Se binne meinaam nei it buro foar ferhoar.

(advertinsje)
(advertinsje)