Skroeven yn bannen plysje-auto op Skylge: "Tryst!"

16 jul 2017 - 10:16

De plysje fan Skylge kaam sneintemoarn foar in ferfelende ferrassing te stean. Yn alle bannen fan in plysje-auto yn Midslân waarden nachts skroeven draaid. Twa bannen binne leechrûn. "Dat is natuurlijk heel stoer. Maar deze auto is ook een hulpverleningsvoertuig. Triest", skriuwt de plysje op Facebook en Twitter.

De auto stie parkearre op it Sudachterom yn Midslân. De plysje siket tsjûgen. Sneintemoarn moast de plysje alwer útride om help te ferlienen, gelokkich wie der noch in oare plysje-auto beskikber.

It berjocht ropt op social media flink wat reaksjes op. "TUIG echt geen andere woorden voor. Blijf met je handen van de hulpverlening af en van de hulpverleningsmiddelen", wurdt der ûnder oare skreaun. En guon minsken komme ek mei in oplossing as de dieders pakt wurde: "Met pek en veren op de boot zetten" of "Van het eiland af en nooit meer toegang krijgen."

(advertinsje)
(advertinsje)