Nicht skriuwt emosjonele kollum oer Tjeerd van Seggeren

16 jul 2017 - 09:37

In wike nei de dea fan Tjeerd van Seggeren fan Kollumersweach hat kollumniste Roos Schlikker in emosjoneel stik oer him skreaun foar deiblêd Het Parool. De 37-jierrige Van Seggeren wie in neef fan Schlikker. De kollumniste fynt it dreech dat der no mear oan him tocht wurdt as in moardsaak en net oan him as de persoan dy't er wie: "Mijn neefje Tjeerd was een neef met een leven."

"Dromerige ogen"

Yn har kollum skriuwt Schlikker oer it momint dat se de roukaart fan har neef krijt en weromtinke moat oan de troudei fan Van Seggeren en syn frou: "Op zacht papier staat zijn foto. Een knap jong. Verlegen lachje. Dromerige ogen. Ik weet precies wie hij zag op het moment dat er werd afgedrukt. Ik herken zijn pak, zijn expressie. Verlegen en trots tegelijkertijd. De blik waarmee hij naar de vrouw keek die hij net getrouwd had. De blik waarmee hij naar de toekomst keek."

Undersyk yn folle gong

Tjeerd van Seggeren waard op sneintemoarn 9 july dea fûn by De Westereen yn de greide by de krusing Fogelsang-Bûterwei. Ut seksje is dizze wike nei foaren kaam dat er flinke ferwûningen hie, ûnder oare oan de holle. It is noch net dúdlik hoe't er om it libben kaam is, it ûndersyk dêrnei is noch yn folle gong. It ûndersyksteam hâldt rekken mei ferskillende senario’s, lykas dat er mooglik oanriden is. 

De folsleine kollum fan Roos Schlikker is te lêzen op de webside fan Het Parool

(advertinsje)
(advertinsje)