Nard Brandsma kening fan Burgum mei nij pr fan 21.09 meter

15 jul 2017 - 23:59

By it keningsljeppen yn Burgum hat Nard Brandsma foar it earst oer de 21 meter ljept. Brandsma kaam yn syn seisde sprong ta 21.09, in nij persoanlik rekôr, en pakte sa de titel kening fan Burgum. Dêrmei is de Warkumer de tredde Fries nei Bart Helmholt en Oane Galama dy't de magyske grins fan 21 meter foarby ljept. Sytse Bokma waard twadde mei 19.90, en junior Jan Teade Nauta waard kreas tredde mei 19.56, ek in pr.

Keninginne fan Burgum waard Marrit van der Wal mei 16.79. Sigrid Bokma wie mei 15.16 twadde.

By de jonges gie de titel nei Wietse Nauta. Hy ljepte yn de finale 17.73 en mei him no in jier lang de prins fan Burgum neame. 

De hollânske fierljeptoppers wienen yn Polsbroekerdam noch better op dreef as Nard Brandsma. Jaco de Groot ljepte 21.20, mar waard dêrmei twadde. De grutte man wie Erwin Timmerarends mei in nij pr fan 21.33, ek it nije skânsrekôr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)