Crispijn Ariëns wint klassemint KNSB-cup

15 jul 2017 - 22:25

Crispijn Ariëns fan Wolvegea hat sneon yn Otterlo it klassemint fan de KNSB-cup skeelerjen wûn. It wie in wedstriid mei in heech tempo en in soad demarraazjes.

Ariëns wie alris earder fuortsprinte, mar waard dochs wer ynhelle. Dêrnei giene ferskate groepkes 'op aventoer' mei dêryn Crispijn Ariëns syn ploechgenoat Ingmar Berga en Gary Hekman. Ariëns slagge der doe yn om allinnich nei de kopgroep te riden. Yn de einsprint spatte er fuort en kaam solo oer de finish.

Twadde waard Ariëns ploechgenoat Ingmar Berga en tredde Gary Hekman.

(Advertinsje)
(Advertinsje)