Goede prestaasjes Fryske orkesten WMC

15 jul 2017 - 21:50
Fanfare Joost Wiersma

Seis Fryske dielnimmers hawwe dit wykein yn Kerkrade in poadiumplak behelle op it twadde wykein fan Wrâld Muzyk Konkoers.

Yn de earste difyzje fanfare diene sneon twa orkesten mei. CMV Excelsior Skraard behelle 87,5 fan de 100 punten. Joost Wiersma fan Jistrum die goede saken foar it kampioenskip. Sy behellen mar leafst 93 punten.

Yn de twadde difyzje fanfare diene ek twa Fryske orkesten mei. Wilhelmina fan Easterein wie de heechste fan de twa. Sy behellen 92,17 punten. CMV Fanfare Oranje Dokkum behelle 88 punten.

Yn it Roda JC-stadion waard spile troch show- en marchingbands. Ek der wiene twa dielnimmers: Drumfanfare Oranje fan Minnertsgea en Showband Sternse Slotlanders fan Frjentsjer. Sy behellen respektyflik 73.38 en 70.88 fan de 100 punten.

Wa`t yn alle difyzjes wrâldkampioen wurde sil, is pas oer twa wike bekend. De kommende twa wykeinen sille noch mear orkesten harren muzikale kunsten hearre litte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)