Sprongen lieding soarget foar wetteroerlêst yn Easterwâlde

15 jul 2017 - 21:18
Strjitte yn Easterwâlde ûnderrûn troch sprongen wetterlieding - Foto: De Vries Media

Yn Easterwâlde stiet in strjitte ûnder wetter troch in spontaan sprongen wetterlieding. Op de Kringgreppelstrjitte kaam sneontejûn tsjin healwei njoggenen it wetter út de grûn omheech mei in buorrreljend lûd. Der spielt ek in soad sân fuort. De brânwacht fan Easterwâlde is derby.

Ferskate húshâldingen sitte sûnder wetter. De strjitte is ôfsletten foar it ferkear. Gebouwen, lykas hokjes, dy't leech lizze rint it wetter yn.

Trefwurden: 
Easterwâlde wetterlieding
(Advertinsje)
(Advertinsje)