Berber Vonk en Moniek Klijnstra winne prizen yn Otterlo

15 jul 2017 - 20:04

Berber Vonk út Appelskea hat sneon yn Otterlo de lêste wedstriid fan de KNSB-cup wûn. Dêrmei stiet se boppe-oan it klassemint en wint se de cup. Manon Kamminga út Haulerwyk en Elma de Vries fan De Haule besochten har noch te ferslaan yn de sprint, mar dat slagge net.

Manon Kamminga kundige earder oan dat se ophâldt mei topsport. Se wie spesjaal útnûge om yn Otterlo ôfskied te nimmen.

Moniek Klijnstra út Sint-Jânsgea hat sneon by de skeelerronde van Otterlo foar de twadde kear de 100 meter sprint op har namme skreaun. By de manlju wie Michel Mulder it rapst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)