Partoer Ilse Tuinenga wint frije formaasje yn Makkum

Ek yn Akkrum wiene de krânsen foar Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra © Henk Bootsma
De frije formaasjepartij by de froulju yn Makkum waard sneon wûn troch it partoer fan Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra. Sy wûnen de finale frij maklik mei 5-1 en 6-2 fan Elly Hofman, Marte Altenburg en Martzen Deinum.
De lytse preemje wie foar it trijetal Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra. Manon Scheepstra waard keninginne fan de partij.