Partoer Van der Bos wint keatserij yn Makkum

© Henk Bootsma
De haadklassekeatsen frije formaasje yn Makkum is sneon wûn troch it partoer Gert-Anne van der Bos, Daniël Iseger en Tjisse Steenstra. Sy wûnen de finale mei 5-4 en 6-2 fan Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra. De lytse preemje wie foar Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar.
Tjisse Steenstra waard ta kening útroppen. Dit is al syn sechsde keningstitel dit jier.
Foar Daniël Iseger wie dit ek in spesjale partij. Syn ynfalbeurt soarget derfoar dat er de 600 puntegrins oergiet. Hy komt no op 601 punten. Daniël Iseger wie de ferfanger fan de blesearre Taeke Triemstra.