Fernijd Dúnsângebiet Bakkefean offisjeel iepene

15 jul 2017 - 17:10
It fernijde Dúnsângebiet is offisjeel klear - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Yn Bakkefean is sneon it fernijde Dúnsângebiet iepene. De ôfrûne jierren is it gebiet bot ûnder hannen naam. De tennisfjilden binne ferpleatst en der is in nij parkearterrein kaam. It gefolch dêrfan is dat de rekreanten dy nei it Dúnsângebiet ta gean, better sicht hawwe op de fasiliteiten dêr, lykas it swimbad en de fuotbalferiening. De doarpskommisje fan Bakkefean hopet dat der mear gebrûk makke wurde sil fan de terrassen.

Dúnsân 2.0

De ideeën foar de oanpassing fan it Dúnsângebiet stamme út 2005, mar no't de oanpassingen realisearre binne, stiet it folgjende plan alwer klear. Neffens Gerjen Haisma fan de doarpskommisje moat der ek in foarsjenning komme as der min waar is. "Wy wolle dat der in sporthal komt, dy't ek brûkt wurde kin foar de rekreaasje", sa seit Haisma. It doel is dat de sporthal der yn 2020/2022 stiet.

Trefwurden: 
Dúnsângebiet Bakkefean
(Advertinsje)
(Advertinsje)