Korps mariniers oefenet yn Noardeast-Fryslân

15 jul 2017 - 15:06

Noardeast-Fryslân, it Marnewaardgebiet en de Lauwersmar binne de kommende dagen it terrein fan it korps mariniers. Se dogge dêr in grutte oefening. By de oefening wurde ek gefjochten tusken mariniers en terroristen neispile. Neffens majoar Mark Haasdijk kin it publyk dêr wat fan fernimme. De oefening is in soarte fan eksamen. Der wurdt test oft se operasjoneel ynsetber binne.

De oefening duorret oant en mei tiisdei. De mariniers gean woansdei werom nei de eigen kazerne yn Doorn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)