Brânwacht makket kollega dy't trouwe sil skjin op Saailân

15 jul 2017 - 13:44

Brânwachtman Danny Hiemstra út Ljouwert sil meikoarten trouwe. Dat ynspirearre syn kollega's sneon ta in bysûndere aksje. Sy stelden alle brânwachtauto's en in heechwurker op it Saailân op. Hiemstra waard yn it bakje set en gie oanslutend de loft yn.

Syn kollega's pakten de slangen en spuiten him hielendal ûnder it wite skom. Mei it skom op de holle krige hy in moai útsjoch, doe't de heechwurker sa heech mooglik de loft yn gie. Nei ôfrin waard Hiemstra wer ôfspield mei wetter, dat hy kin skjin it houliksboatsje ynstappe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)