Sân projekten krije jild fan Fûns Eaststellingwerf

Gemeente Eaststellingwerf
De tredde en lêste ronde fan it Fûns Eaststellingwerf hat sân winners opsmiten. Mear as 800 ynwenners fan de gemeente Eaststellingwerf brochten freed harren stim út op inisjativen dy't subsydzje oanfrege hiene. Se stimden op de projekten Parkbossen Aldeberkeap (92.000 euro), it duorsum meitsjen fan swimbad Haulewelle (102.000 euro), Blughut (34.000 euro), mutyfunksjoneel sportfjild Donkerbroek (32.000 euro), ABO laat u genieten van het landschap (10.000 euro), Doarpspark Haulerwyk (15.000 euro) en útwreiding klaairomte fuotbalferiening Waskemar (31.000 euro).

It wie spannend foar de dielnimmers, want der wie foar 800.000 euro oan subsydzje oanfrege, wylst der 316.000 euro beskikber wie. Mei-inoar hawwe 46 projekten in subsydzje krigen.