Stipe fan SC Hearrenfean en NEC foar Ajax-fuotballer Nouri

15 jul 2017 - 12:57

Foar de oefenwedstriid SC Hearrenfean-NEC yn Loenen op de Veluwe wie der in mienskiplike betsjûging fan stipe oan Ajax-spiler Abdelhak Nouri. De twa oanfallers kamen it fjild op mei in shirt mei nûmer 34, it fêste nûmer fan Nouri.

Nouri krige ferline wike ûnder in oefenwedstriid yn Eastenryk in hertstilstân. As gefolch fan dy hertstilstân binne ferskate harsenfunksjes útfallen, sa waard letter dúdlik. Yn de fuotbalwrâld makket it de tragyske situaasje fan it jonge Ajax-talint Appie Nouri (20) in soad yndruk.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean Nouri
(Advertinsje)
(Advertinsje)